2.6.1 DEDTJE JAN HENDRIKS 1-2-1855 Nijskoat - 23-4-1935 Weinterp x Jolle Roelofs Kunst, kofjehûshâlder, Skoatterlân 7-5-1879 20-9-1846 Eastersee - 13-4-1909 Oranjewâld sf. Roelof Roelofs Kunst en Piertje Jolles Landman |
Út dit houlik: 1. Jan (1880-1880) 2. Jan (1881-1954) x Johanna Hendrika Boes, plysjeman yn Glanerbrug en Borculo 3. Piertje (1884) x S. Piekeboer, Weinterp 4. Roelofje (1886) yn 1910 nei Oegstgeest 5. Reitze (1889-1957) x Hendrika Poulina Willemina Tolhuis, plysjeman yn Warnsveld en Deventer
Jolle Kunst eksploitearde yn Oranjewâld 'aan 't bekende Woudstervoetpad' de Melkinrichting "Halfweg", dêr't ek bier en kofje te krijen wie. As hy yn 1909 siik wurdt, komt it bedriuw te hier of te keap. Dat slagget blykber yn earste ynstânsje net, nei syn ferstearren wurdt de saak feild.
Dedtje Jonkman ferhuzet yn 1911 nei har soan Jan yn Glanerbrug en giet letter mei syn húshâlding mei nei Borculo. Yn 1926 komt hja wer nei Fryslân werom yn 'e hûs by dochter Piertje.
Út Oerisel wei wurdt in oantal kearen besit ferkocht, greidlân en in hûs mei lân yn it Wâld. Hja is ek tige aktyf yn it ferstrekken fan lieningen en hipoteken oan lju út Skoatterlân, yn 'e rin fan de jierren foar mear as fl10.000.